Om te foarkommen dat SDS en Nylan finansjele problemen krije komme wy mei in aksje yn gearwurking mei ús sportyf partner sc Heerenveen.
Us leden stypje ús al bot troch gewoan harren kontribúsje te beteljen, ús sponsers al troch harren sponserjild oer te meitsjen en de ‘Club van 50’ troch ek no wer it Freonejild te stoarten, mar it soe moai wêze as wy op dizze manier dochs noch wat ekstra ynkomsten generere kinne. Alles mei it doel om nei dizze ‘koronakrisis’ wer ‘gewoan’ troch te kinnen mei wat wy dienen.
Jou dyn klup in rûntsje!
No’t je yn de kantine net in rûntsje jaan kinne wolle wy jim oproppe om online in rûntsje te jaan oan vv Nylan.
In rûntsje is in donaasje ter waarde fan in rûntsje yn de kantine.
Dit kear gjin drankje werom, mar it sil al helpe dizze tiid troch te kommen en daliks wer fierder te kinnen op de manier sa ’t wy dat wend binne!
Elkenien mei meidwaan. Hoe mear rûntsjes, hoe better!
In rûntsje kostet €20,-. Do kinst ek in kwart rûntsje, heal rûntsje of in slinger oan de bel jaan troch meardere rûntsjes te jaan!
Sjoch foar mear ynformaasje op www.rondjevoorjeclub.nl
Sc Heerenveen hat alfêst it goeie foarbyld jûn troch de earste 10 rûntsjes te jaan! Hjir binne wy tige wiis mei!
#tegearewinnewymear
Dizze aksje dogge wy tegeare mei vv SDS om ’t wy tegeare sportyf partner binne fan sc Heerenveen.