Cookie beleid Nijland

De website van Nijland is in technisch beheer van VoetbalAssist en gebruikt cookies. Hieronder de cookies waar we je toestemming voor nodig hebben. Lees ons cookiebeleid voor meer informatie.

Functionele cookies

Voor een goede werking van de website worden deze cookies altijd geplaatst.

Analytische cookies

Google analytics Toestaan Niet toestaan

Marketing cookies

Facebook Toestaan Niet toestaan

LAC Frisia 3 maatsje te grut foar It Tredde!

LAC Frisia 3 maatsje te grut foar It Tredde!

Nijland 3

2 - 8

LAC Frisia 1883 3

Competitie

5e klasse 05

Datum

26 oktober 2019 12:00

Scheidsrechter

H. (Henk) van Geerenstein

Accommodatie

Onbekend

Sneon moasten de mannen fan it tredde thús tsjin LAC Frisia 3. Fanôf de ôftrap waard fuortendaliks dúdlik dat dit team in maatsje grutter wie dan ús Tredde. Mar dat joech neat. We setten moedich útein! Troch blessures fan Onno en Stefan en it ûntbrekken fan Jesse wiene Foeke, Wiebe en Redmer bereid fûn mei te dwaan. Ek Jelmer wie bereid 1 helte mei te dwaan. Tige dank mannen!

Yn de earste helte waard troch it snelle en secure spul fan LAC it nei 6 minuten al 0-1. Hindert neat. De boel ticht hâlde en de linies koart. Ek wij krigen kânskes mar wiene krek net secuur genôch om te scoren.

Momenten dat we net skerp dekten en romte wei joegen soarche direkt foar gefaar by de goal. Mei inkele goede reddingen fan Lars koene we it de eerste helte bij 0-3 hâlde.

Twadde helte foar de wyn jûch wer wat fertrouen. Sy setten direkt wer druk en kamen sa ek al gau op 0-4. Mei troch ús wat ûnhandich fuortwurkjen krigen se ek noch 2 kear in pengel. Inkele goede oanfallen fan ús wiene raak. Twa kear in skot fan bûten de 16 fan Redmer wiene raak. It koe dus wol, score tsjin disse knapen.

Sa kaam de eindstân 2-8 op it boerd.

It wie in fuotbal midje om fan te learen. In goede stjinstanner freget in hecht kollectief. Elts moat alles foar elkoar dwaan wolle. Dêr kinne de mannen no wer fjirder oan wurkje.

Op nei nije wyke as we om 14.30 thús tsjin Minnertsgea 3 oantrede.

Binne jim der dan ek?

Delen

voeg je eigen gadgets toe aan deze pagina!