Cookie beleid Nijland

De website van Nijland is in technisch beheer van VoetbalAssist en gebruikt cookies. Hieronder de cookies waar we je toestemming voor nodig hebben. Lees ons cookiebeleid voor meer informatie.

Functionele cookies

Voor een goede werking van de website worden deze cookies altijd geplaatst.

Analytische cookies

Google analytics Toestaan Niet toestaan

Marketing cookies

Facebook Toestaan Niet toestaan

Tredde krijt te min bij debuut 5e klasse!

Tredde krijt te min bij debuut 5e klasse!

Nijland 3

1 - 2

Lions'66 2

Competitie

5e klasse 05

Datum

28 september 2019 12:00

Accommodatie

Onbekend

Sneon 28 september hie It Tredde har eerste kompetiesjewedstriid thús tsjin
Lions '66 2.

Nei de trije bekerwedstriiden wiene de mannen der klear foar.

Yn nije tenues fan sponsor Jouke Huitema (sjoch foto) stiene se fris op it fjild. Mei Lars op de goal, Richard en Paul centraal achteryn wie der in goed slot op de doar. Jesse en Bouwe op de backs, Jelle centraal foar de ferdiediging, Wiebren centraal nei foaren. Bouke en Wytse op de vleugels en Gerrit en Matthijs foarien. Jacob, Stefan en Onno ha noch te kampen mei
lytse blessures, mar wiene derbij as trouwe supporter!

Paul, Johannes en
Redmer wiene fanút it twadde en fjirde goede ferfangers.

Lions '66 moast it hjoed mei 10 man dwaan. Nijlân starte wat slap. De mannen hiene net yn de gaten dat se tsjin 10 man spielen! Nei in kertier hie elts it troch en kaam der wat pit yn it spul. Mar ek Lions hie mei 2 snelle mannen gefaarlike útfallen. Ien kear yn de 25e minuut stie ús slot net op de doar en rûnen se sa troch yn de 16 en makken de 0-1. Der hiene we it dreech mei. Der kamen 3 lytse kânskes en 1 grutte, mar dat levere gjin goal op.

Twadde helte kaam Johannes yn  de spits derbij. Dat joech in impuls die we nedich hiene. Linies slúten better en der kamen mear kânsen. It wie noch wol slordig yn de 16 mar dochs yn de 70e minuut kaam de 1-1 troch een mooie folley fan Johannes op in foarset fan Jelle.

Nijlân gie op syk nei de 2-1 mar koe de rêst yn it spul mar min fine. Yn de 90e minuut wie der noch in counter fan Lions 66 die beroerd fuortwurke waard. De scheids seach der in pengel yn. Die waard net mist en sa stapten we mei 1-2 it fjild ôf.

Genôch stof foar neitinken. It debuut tsjin 10 fan Lions hiene we ús oars foarsteld, mar is net oars. Nijlân gie mei te min nei hús. Nije wyke 5 oktober moatte we út tsjin Beetgum 2.
Delen

voeg je eigen gadgets toe aan deze pagina!