Cookie beleid Nijland

De website van Nijland is in technisch beheer van VoetbalAssist en gebruikt cookies. Hieronder de cookies waar we je toestemming voor nodig hebben. Lees ons cookiebeleid voor meer informatie.

Functionele cookies

Voor een goede werking van de website worden deze cookies altijd geplaatst.

Analytische cookies

Google analytics Toestaan Niet toestaan

Marketing cookies

Facebook Toestaan Niet toestaan

Tredde ticht bij stunt tsjin Stiens 6!

Tredde ticht bij stunt tsjin Stiens 6!

S.C. Stiens 6

4 - 2

Nijland 3

Competitie

5e klasse 05

Datum

9 november 2019 14:30

Accommodatie

Onbekend

It wie ôfrûne sneon wat donker waar, mar de wedstriid fan ús Tredde wie der yn mei in protte ljochtpuntsjes. De mannen ha miskien ôfrûne sneon út en tsjin SC Stiens 6 wol de bêste wedstriid oan't no ta spiele!

Stiens stiet stiif boppe oan mei noch gjin inkel ferliespunt. Op paier dus in drege tsjinstanner. Op it keunstgêrs fan Stiens starten we mei Jelmer centraal neist Richard achteryn, Bouwe en Jesse op de backs, Bouke en Mathijs op de bûtens, Jelle en Wiebren centraal yn it midden en Johannes yn de spits neist Wytse Prachtig dat Johannes en Jelmer der foar It Tredde stean, no Jacob en Gerrit net koenen. Onno is noch blesseert, mar wie mei as flagger, en Stefan koe hjoed de earste minuten wer meitsje.

We setten goed en vlot út ein. Gjin fratsen mei goed fanút de organisaasje spylje. Elts sette him foar 125% yn. We murken dat Stiens dêr fan skrok. Se tochten efkis 'oer ús hinne te rinnen'. Dat slagge seker net, sterker noch, de earste kâns wie foar ús. Johannes rekke de bal goed mar de keeper siet der skerp bij. Nei in kertier wie efkis ús concentyraasje minder en dat benutte Stiens mei in snelle útfal nei 1-0. Spitich. We bleaunen sels goed fuotbaljen. Elts hold him goed oan de ôfspraken. Yn de 25e minuut wie wer san momint, it wie (te) drok bij ús yn de 16 en koe Lars in droech skot net op tiid keare, en lei de 2-0 der yn. Dat wie wer in signaal om troch te setten. Dat slagge. De druk op Stiens waard grutter en sij wiene it lêste kertier fan de earste helt de macht oer it middenfjild folledig kwyt. Stefan makke hjirbij nei in lange blessure wer syn eartse minuten. In mooie oanfal fan achteren kaam bij Jelle út. Dy twifele net en skeat hurd binnen 2-1. Dernei kamen der noch in pear kânsen foar Nijlân, mar se gongen der net yn.

 

Bij de tee naam ús oanfierder it wurd. Richard joech goede tips om mei elkoar noch mear en better de ôfspraken nei te kommen. Stefan koe de twadde helte helaas net fjirder, dat we moasten it mei de alve út de basis dwaan. Stiens wie de earste helte bot skrokken fan ús sterke achterhoede en disciplineert middenfjild. De twadde helte besochten se mear nei foaren te spyljen, mar rûnen derbij faaks yn de fal fan Nijlân. De duels waarden dêrtroch wat skerper en de troch in wat in skerp duel om de bal rekke Wytse der yn de 65e minuut blesseert ôf en moast Gosse as spieler/coach dochs noch oantrede. De mannen stjoerden him nei de goede plak en dat soarche foar ûnrest bij Stiens. Sa hiene sij no mear drokte foar de goal en koe in mooi bal troch it midden, troch Wiebren droech ynsketten wurde nei de 2-2! De ynspanningen fan de earste 75 minuten eiste syn tol waol wat. Der kamen wat mear gatsjes en in mooie foarset fan Stiens koe sa frij ynkopt wurde 3-2. Yn de 85e minuut makke Gosse noch ûnhandig hands yn de 16 wêrtroch in pengel foar de einstân fan 4-2 soarche. Flatteert, mar wol wier. Nei de wedstriid sjoen, ferstjinne ús Tredde meer. Goede fjildbesetting, discipline yn de organisaasje en 125% ynset fan eltsenien. Stiens wie 'impressed' en snapte net dat wj noch gjin punten hawwe. Ek de skiedsrjochter fûn ús team in mooi sportief team mei super ynset. Dat kaam hij speciaal yn de kleikeamer fertellen! We keapje der no neat foar, mar dit jout oan dat we goed bezig binne. De punten komme dan straks fansels. Nije wyke út tsjin Leovardia wer in (grutte) kâns.

 

Delen

voeg je eigen gadgets toe aan deze pagina!