Cookie beleid Nijland

De website van Nijland is in technisch beheer van VoetbalAssist en gebruikt cookies. Hieronder de cookies waar we je toestemming voor nodig hebben. Lees ons cookiebeleid voor meer informatie.

Functionele cookies

Voor een goede werking van de website worden deze cookies altijd geplaatst.

Analytische cookies

Google analytics Toestaan Niet toestaan

Marketing cookies

Facebook Toestaan Niet toestaan

Tredde set wer in stap foarút, mar dochs ferlies yn en tsjin Beetgum!

Tredde set wer in stap foarút, mar dochs ferlies yn en tsjin Beetgum!

Beetgum 2

5 - 2

Nijland 3

Competitie

5e klasse 05

Datum

5 oktober 2019 14:30

Accommodatie

Onbekend

Sneon spile It Tredde út tsjin Beetgum 2. Foar ús ûnbekend. We koene der dêrom fris yngean. We setten útein mei Marco Fijlstra en Foeke Feenstra as extra spilers, omdat Onno en Jacob noch blesseert binne. Dank mannen!
It earste heal oere hiene we de saak goed op de rit. Achteryn stie de saak goed ticht en de linies sieten mooi ticht op elkoar. It wie wol dreech om gefaarlik foar de goal te kommen. Dat slagge Beetgum wol in pear kear, mar wij hiene ek wat gelok en Lars koe de nul hâlde. Nei it heal oere stie de boel wat stil achteryn bij Beetgum. Gerrit bliuwde rêstig en mei in droech schot makke hij de 0–1. Dat joech wer moed, mar net lang. Beetgum sette druk en waard wer gefaarlik. It duorre noch oant de 42e minuut foardat sij der gefaarlijk útkamen en scoorden 1-1. Nijlân hold fertrouen en pakte gelyk de tried wer op. Yn de 43e minuut waard Stefan yn de mangel nommen yn de 16: Pengel. It gelok wie net mei ús want Jelle skeat spitigernôch neist. We giene mei 1-1 nei de thee.

Twadde helte wiene we wat slordiger en waarden de romtes tusken de linies grutter. De organisatie stie op sich wol goed, mar de gatten waarden soms dochs te grut om goed ticht te rinnen. Beetgum wie skerp yn de counter en sekuur yn ôfronding. Mei in ungelokkiche weromspylbal derbij rún Beetgum út nei 4–1.
Ondanks dat it tempo der út rekke koe Gerrit in oanfal fan Nijlân wer mei in droech skot ôfronde: 4-2. Mei de lêste minuten alles of neat, kaam troch in snelle counter fan Beetgum de 5-2 noch op it boerd.

De útslag is dêrtroch wat flatteert. We ha goede stappen setten: der stie in team dat foar elkoar striede woe. 120% ynset en energie yn it spul. No fierder bouwe en wat effectiever foar de goal en de eerste punten komme der oan!
Nije wyke starte we dermei tsjin Leeuwarder Zwaluwen 7, thús om 12.00 oere. Komme jim ek? Oant nije wyke!

Staf It Tredde🔥
Delen

voeg je eigen gadgets toe aan deze pagina!